Soargen oer Ketelbrêge

Boargemaster Aucke van der Werff fan de gemeente Noardeastpolder makket him soargen oer de oanhâldende steurings oan de Ketelbrêge yn de A6 by Urk. Snein woe de brêge net goed ticht troch in technyske steuring. Files oan beide kanten wiene it gefolch.
Van der Werff stelt Rykswettersteat foar om de brêge foarearst allinnich noch jûns tusken sân en acht oere te iepenjen foar skipfeartferkear. De eardere boargemaster fan It Bilt fynt dat alle ellende gau ophâlde moat. Ein dit jier krijt de Ketelbrêge in grutte opknapbeurt.