Plan aksjegroep tsjin huzen

Walvisvaarder, Skylge
De aksjegroep Help Terschelling hat in nije aksje betocht om de bou fan in appartementekompleks oan it Griene Strân op West-Skylge tsjin te hâlden. De groep wol it terrein keapje fan projektûntwikkelder Segesta. Dy wol njonken it bekende paviljoen De Walvis in gebou fan trije of fjouwer lagen delsette.
In protte Skylgers en toeristen protestearje dêrtsjin.