Jong Hearrenfean wint

03 sep 2012 - 21:02
  • SC Hearrenfean

Jong Hearrenfean hat moandeitejûn yn Volendam mei 5-0 wûn fan de beloften fan FC Volendam. De hiele wedstryd wie Jong Hearrenfean oppermachtich, mar yn de earste helte kaam it mar ta ien goal - fan Luciano Slagveer. Nei de rêst makke hy ek de twadde goal. Mark Uth skoarde noch ien kear, Kenny Otigba twa kear. Jong Hearrenfean stiet no boppe-oan yn de pûl, mei tolve punten út fjouwer wedstriden. Op 17 septimber spylje de beloften thús tsjin Jong Ajax.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)