1400 euro foar Wout syn fyts

18 jun 2011 - 16:12
  • Foto: Wendy Kennedy, Omrop Fryslân

De fyts dêr't Wout Zijlstra ferline wike de Alpe d'Huez mei op fytste, is ferkocht. De sterke man ried de tocht foar it KWF om jild yn te sammeljen foar ûndersyk nei kanker.

De fyts is spesjaal makke foar de man dy't 149 kilogram waacht. Hy is úteinlik ferkocht oan Jan Bert de Bruin fan Dolsterhuzen. Dy bea 1400 euro foar de fyts. De Bruin wol no sels takom jier besykje op de fyts fan Wout de Alpe d'Huez te betwingen, ek mei de aksje Alpe d'Huzes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)