140 bekeurings by De Gordyk

25 jul 2013 - 09:53

By in benzinepomp op de Badwei op De Gordyk hat de plysje woansdei 140 bestjoerders op de bon slingere, omdat se te hurd rieden. De maksimumsnelheid is dêr 50 kilometer,de rapste bestjoerder ried 31 kilometer te hurd.

Letter op de jûn joech de plysje op de Nijewei op De Gerdyk nochris 40 bestjoerders in boete. Der waarden meielkoar goed 1300 bestjoerders kontrolearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)