14 missys foar F-16's yn Irak

21 okt 2014 - 20:39
  • F-16

Nederlânske F-16's ha de ôfrûne wike 14 missys útfierd boppe Irak. Dat binne der folle minder as ferline wike. Der is ien kear in bom goaid op in auto fan Islamityske Steat (IS) dy't in dyk blokkearde. Ferline wike waarden noch goed 25 flechten útfierd. In 'ûnbekend oantal' terroristen kaam dêrby om.

In part fan de Nederlânske F16's komme fan de fleanbasis yn Ljouwert. Se stypje Iraakske en Koerdyske soldaten tsjin oanfallen fan IS-striders.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)