1,4 miljoen foar ferdwinen JNS

16 jun 2004 - 00:00

De gemeente Ljouwert en it Ryk betelje tegearre goed 1,4 miljoen euro foar de beëiniging fan it fjoerwurkfabryk JNS Pyrotechniek yn de stêd. It fabryk moat ferdwine fanwege it fjoerwurkbeslút dat bepaalt dat it fabryk te ticht by oare bedriuwen en wenhuzen stiet.

Dy regels binne makke nei de ramp yn Enschede. It neistlizzende bedriuw Schuurmans hat allinne fjoerwurk yn opslach. Sy meie wol bliuwe en wolle de grûn fan JNS wol oernimme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)