De sleat yn op ôfrit A7

Plysjemotor © Omrop Fryslân
In 28-jierrige dronken bestjoerder út Bûtenpost is sneintemiddei op de A7 by De Like yn Grinslân mei de auto út de bocht flein. De man ried yn in bocht fan de ôfrit rjochtút. Hy ried in ferkearsboerd om en bedarre yn de sleat.
De bestjoerder siet mei drank op achter it stjoer, sa die bliken. Hy is dêr al twa kear earder op trapearre. Syn rydbewiis is ynnaam.