Streuper sjit ree op Skylge

Steatsboskbehear makket him soargen oer in streuper dy't mooglik aktyf is op Skylge. Ofrûne sneon hearden kuierders in skot yn de bosk by Hoarne. In dei letter waard in dea wyfke-ree, in reegeit, fûn. Dy meie offisjeel allinnich sketten wurde tusken jannewaris en maart.
Steatsboskbehear tinkt dat de dieder steurd is en gau útnaaid. It dier hat er lizze litten. Tsjûgen wurde oproppen harren te melden by Steatsboskbehear.