Tydlike rinbrêge yn Marsum

03 sep 2012 - 15:23

Yn Marsum is moandei begûn mei de bou fan in metershege rinbrêge oer de dyk by it Poptaslot. Dy is nedich foar it iepenloftspul dat woansdei en tongersdei yn de tún fan it slot opfierd wurdt. De rinbrêge giet fan it keatsfjild oer de dyk en de slotsgrêft. Besikers kinne sa feilich oerstekke fan slot nei it keatsfjild dêr't de feesttinte stiet.

It stik hjit 'De goedhertige bulderbast' en wurdt spile troch de Marsummer toanielferiening OKK.

Trefwurden: 
Marsum Poptaslot rinbrêge
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)