Ierappellân minder gau ôfkarre

03 sep 2012 - 12:16

Boere-organisaasje LTO wol in ferromming fan de regels foar ierappels fan wiet lân. Dat bepleitsje se moandei yn in oerlis mei de hannel, de keuringstsjinst foar ierappels en de Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit. Troch de rein fan 'e ôfrûne tiid kamen in soad ierappels yn it wetter te stean. It wetter is no in heale meter sakke, mar op guon plakken is it noch wol wiet.

De LTO wol no dat wiet ierappellân minder gau ôfkard wurdt. Boeren moatte ierappels fan wiete lannen ek apart hâlde, sadat de rispinge safolle mooglik behâlden bliuwt.

Trefwurden: 
LTO ierappellân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)