Striid om ôffal It Amelân

14 des 2011 - 06:47

De gemeente en ôffalferwurkingsbedriuw NNRD stride op It Amelân om it ôffal fan de bedriuwen. Oant foar koart wie de gemeente de partij dy't soarge dat it bedriuwsôffal ôffierd waard, mar de NNRD hat no ek al aardich wat klanten. Sy binne nammentlik goedkeaper as de gemeente.

Boargemaster en wethâlders fine dat de bedriuwen saken dwaan moatte mei de gemeente, omdat dy ek soarget foar in skjin eilân. As bedriuwen saken dogge mei de NNRD betelje se dêr net oan mei. De gemeente hat no de tariven foar it bedriuwsôffal mei 5 oant 10 persint ferlege om foar te kommen dat noch mear bedriuwen oerstappe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)