Mystearje bult Finkegea oplost

02 sep 2012 - 16:42

De mysterieuze bult yn de betonnen flier fan de 120 jier âlde tsjerke fan Finkegea komt troch fûnaminten. De flier is sneon iepenbrutsen. Doe kamen de resten fan in eardere tsjerke foar it ljocht. Dat foel wat ôf, want der wie rekkene op in spektakulêrdere fynst, lykas in grêfstien, in sarkofaach of in skelet.

De grûn ûnder de tsjerke fersakket, mar de fûnaminten bliuwe stean en drukke de flier sa omheech. In archeolooch sil de saak ûndersykje. Dêrnei wurdt it gat wer tichtmakke.

Trefwurden: 
bult Finkegea
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)