Van der Pal wint FK triatlon

02 sep 2012 - 16:25
  • Stefan van der Pal (argyffoto)

Stefan van der Pal út Ljouwert is sneintemiddei mei oermacht Frysk kampioen triatlon wurden. Hy pakte fuortendaliks de lieding en joech dy net mear út hannen. Fries om utens Jacob Veenstra, foarhinne fan Surhuzum, waard twadde.

De dielnimmers moasten earst 1500 meter swimme, dêrnei 40 km fytse en ta beslút 10 km drave. By de froulju kaam Esther de Vries as earste oer de streek. Om't sy net yn Fryslân wennet gie de Fryske titel nei de nûmer twa, Silvia Brouwer fan Aldskoat. It kampioenskip waard hâlden yn Drachten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)