Ajax fêst foar Ketelbrêge

02 sep 2012 - 16:14
  • De Ketelbrêge hâlde Ajaxspilers op

De wedstriid Hearrenfean-Ajax fan sneintemiddei begjint letter omdat de spilersbus fan Ajax in skoft fêststien hat foar de Ketelbrêge. De start is no kertier foar fiven yn stee fan healwei fiven. Supporters fan Ajax kamen ek stil te stean foar de brêge.

De brêge tusken de Flevopolder en de Noardeastpolder hat mei-inoar in oere iepenstien. Troch in defekt koe er net hielendal ticht en dêrom koe it ferkear der net del.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)