Snits Wyt Swart opnij ûnderút

02 sep 2012 - 16:01

Snits Wyt Swart is snein op eigen fjild mei 3-0 ûnderút gong tsjin HSC '21. Al nei 6 minuten kamen de gasten út Haaksbergen op foarsprong. Troch it rommelige spul slaggen de Snitsers der net yn echt gefaarlik te wurden. Krekt foar it skoft wist HSC mei in twadde treffer de foarsprong fierder út te wreidzjen.

Yn de twadde helte krige it publyk opnij in slap ferdigenjend Snits Wyt Swart te sjen. HSC profitearre optimaal en tekene ienfâldich foar de einstân. It is it tredde ferlies op rige foar de ploech fan trainer Johan Groote.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)