Asbest by brân yn Marrum

02 sep 2012 - 16:01

By in brân yn Westernijtsjerk by Marrum is sneontejûn asbest frijkaam. De brân wie yn in garaazje by in wenhûs. Der rekke gjinien ferwûne. De bewenners kinne noch net werom nei hûs. De wente fan de buorlju hat reek- en wetterskea oprûn en dêrom kinne sy ek net yn harren hûs wêze.

De oarsaak fan 'e brân is noch net bekend. It asbest by beide wenten leit der noch. De gemeente sil moandei besjen wannear't it oprêden wurdt. De strjitte is ôfset.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)