Kontrôle op drugshannel yn SWH

02 sep 2012 - 12:56

By in drugskontrôle yn Makkum, Balk en Boalsert binne sneontenacht fiif fertochten oanhâlden. De plysje woe mei de aksje hannel yn ferdôvjende middels yn de Súdwesthoeke yn kaart bringe.

Alle hoarekabesikers waarden op stjitte mei help fan in speurhûn kontrolearre. Twa hiene speed by harren en trije himp. Mar net safolle dat se fertocht waarden fan hannel. De fertochten binne ferheard, se moasten de drugs ôfjaan en dêrnei koene se wer fuort.

Trefwurden: 
drugs kontrôle
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)