Bakker wint de Trynwâlden

01 sep 2012 - 17:53

Dennis Bakker fan De Rijp hat de 10e edysje fan de Omloop fan de Trynwâlden wûn. Yn de einsprint fersloech hy Dokkumer Sierk Jan de Haan en Geertjan Jonkman út Andijk. Dizze trije makken de koers oer 100 kilometer. Marco Hoekstra út Haren siet ek yn de kopgroep, mar moast de oare trije gean litte. Der stiene mear as hûndert hurdfytsers oan de start.

Trefwurden: 
hurdfytsen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)