Manlju wrâldkampioen Llargues

01 sep 2012 - 17:20

De Nederlânske manlju binne sneon wrâldkampioen wurden yn it Llargueskeatsen. Op it WK keatsen yn Frjentsjer wûnen de manlju yn de finale mei mar leafst 10-1 fan Kolombia. It goede Nederlânske spul soarge derfoar dat der al reedlik gau in noflike 4-1 foarsprong op it boerd stie, wêrnei't de wedstriid beslikke wie.

Earder op 'e dei fersloegen de Nederlânske manlju yn de heale finale tsjinstanner Ekwador mei gemak mei 6-0.

Op it WK keatsen pakten de Nederlânske teams mar leafst fiif medaljes. Neist it goud by it Llargues, wienen de manlju en de froulju ek de bêste by it Fryske keatsen. De froulju pakten boppedat it sulver by it muorrekeatsen. De manlju waarden twadde by it ynternasjonaal keatsspul.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)