Soer lykspul foar ONS Snits

01 sep 2012 - 17:05

Haadklasser ONS is de kompetysje start mei in soer 2-2 lykspul tsjin Berkum. De Snitsers kamen op foarsprong troch in doelpunt fan Sandor van der Heide. Dêrnei moast ONS mei 10 man fierder, neidat Mark de Vries twa kear giel krige wegens oanmerkings op de lieding. Berkum profitearre optimaal troch de 1-1 te skoaren. Foar it skoft sette Curty Gonzales ONS opnij op foarsprong.

Lang liken de Snitsers de trije punten binnen te slepen. Mar krekt foar it einsinjaal einige de wedstriid yn mineur doe't de bal fia Alle de Boer yn eigen goal belâne.

Trefwurden: 
fuotbal ONS haadklasse
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)