Eksposysje Noorderlicht iepene

01 sep 2012 - 16:11

Yn en om Museum Belvédère yn Oranjewâld is de foto-manifestaasje Noorderlicht iepene. Dêr, en op noch trije oare lokaasje yn Fryslân, binne natuerfoto's te sjen ûnder de titel Terra Cognita. Noorderlicht like fan 't maitiid de subsydzje hielendal kwyt te reitsjen, mar steatssekretaris Halbe Zijlstra besleat it festival dochs noch twa ton ta te kennen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)