Snitser mislediget plysjes

01 sep 2012 - 12:07
  • Oanhâlden

De plysje hat freedtenacht in 19-jierrige Snitser oanholden foar mislediging. Surveillearjende plysjes fytsten troch de Marktstrjitte doe't de man har útskold. De plysjes fregen nei in identiteitsbewiis fan de fertochte, mar dat hie er net by him. Hy waard oppakt.

Doe't er nei de plysjeauto brocht waard, waard de Snitser agressyf en misledige er de plysjes op 'e nij. Dat die er ek ûnder de rit nei it buro. Nei ferhoar mocht er wer nei hûs. Hy hat proses-ferbaal krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)