Gjin trein Ljouwert-Bûtenpost

01 sep 2012 - 10:33

Tusken Ljouwert en Bûtenpost ride dit wykein gjin treinen. Der wurde bussen ynset. Tusken Bûtenpost en Grins ride twa stoptreinen yn 'e oere. Dit wykein wurdt it lêste stik spoar tusken Ljouwert en Grins fernijd. Moandei moatte de treinen wer neffens de gebrûklike tsjinstregeling ride. De wurksumheden hawwe twa wiken duorre.

Trefwurden: 
Bûtenpost trein
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)