Sportklup net iens mei krityk

31 aug 2012 - 17:33

De direksje fan Sportklup Hearrenfean is it net iens mei de fûle krityk fan trainer Marco van Basten. Dy sei tongersdei, nei de útskeakeling foar Europeesk fuotbal, dat hy troch de kluplieding 'yn 'e maling nommen is'. Om't der neffens him folle mear yn nije spilers ynvestearre wurde soe dan no it gefal is.

Dat kloppet net, seit de direksje freed. Der is neffens foarsitter Robert Veenstra foar 10 miljoen euro oan spilers ferkocht en foar 4,4 miljoen ynvestearre. Foar de 10 spilers dy't fuortgongen, binne der 10 werom kaam, seit Veenstra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)