Fjoertoerwachter Skier bliuwt

De fjoertoer fan Skiermûntseach © ANP
De fjoertuorren fan Skylge en Skiermûntseach bliuwe 24 oeren deis beminske. De Twadde Keamer hat dat tisdei besletten nei in moasje fan PvdA-Keamerlid Lutz Jacobi. Fral op Skiermûntseach wie der ûngerêstens oer fral de nachtlike besetting fan de fjoertoer op it eilân.
Rykswettersteat soe de bewaking dan mooglik oan in radar oerlitte. Earder dit jier luts steatssiktaris Joop Atsma de stekker út it plan om de fjoertoerwachters te ferfangen troch in seeferkearssintrale op Skylge, omdat de kamerabewaking net oan de easken foldwaan koe en de kosten út de hân rûnen. De Twadde Keamer hat no útsprutsen dat op beide fjoertuorren wachters oan it wurk bliuwe moatte.