Oanhâlding yn sjitterij Mearum

31 aug 2012 - 17:10
  • Poeisz, Oerfal, Ljouwert

De plysje hat in 35-jierrige man út Zwolle oanhâlden yn ferbân mei de moard op de 40-jierrige Jan Elzinga út Mearum yn Grinslân. Elzinga waard yn july foar it swimbad yn syn wenplak delsketten. It slachtoffer wurke yn Drachten.

De fertochte is woansdeitejûn oanhâlden en wurdt foarearst fjirtjin dagen fêsthâlden. De plysje slút mear oanhâldings net út.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)