Besparring troch Kuorke Dokkum

De gemeente Dongeradiel wol miljoenen euro's útsparje troch de útfiering fan grutte projekten opinoar ôf te stimmen. Der is in ûndersyk úteinset nei hoe't dat moat. It giet dan bygelyks om de oanlis fan noch in stik fan de westlike rûnwei, it baggerjen fan grêften en fearten en it projekt Wetterstêd Dokkum. De totale kosten wurde rûzd op 60 miljoen euro. De operaasje hat de namme Kuorke Dokkum krigen.
Sa soe de bagger út de fearten bygelyks brûkt wurde kinne ûnder de westlike rûnwei en de nije dyk De Sintrale As.
As de bagger op dy plakken brûkt wurdt, is dy te plak en hoecht der ek gjin grûn kocht en oanfierd te wurden foar de dyk. Dat freget wol in goede organisaasje, sadwaande wurdt der ûndersyk nei dien.