NL nei heale finale Llargues

31 aug 2012 - 15:02

It Nederlânske team hat him maklik pleatst foar de heale finale yn it Llargues op it WK keatsen. Yn Easterein wûnen se beide wedstriden yn 'e pûl, earst mei 6-0 fan Meksiko en dêrnei mei 6-2 fan Frankryk. Tsjinstanner fan Nederlân is sneon Ekwador. Dy wedstriid is yn Frjentsjer.

De oare heale finale giet tusken Spanje en it ferrassende Kolombia, dat favoryt België útskeakele.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)