Tim Keurntjes nei SC Cambuur

Cambuur stadion © Omrop Fryslân, Dirk Jan Haarsma
SC Cambuur hat as nije middenfjilder Tim Keurntjes oanlutsen. Hy komt fan FC Grins en sil op hierbasis foar de Ljouwerters spylje. Beide klups hawwe dêr freed oerienstimming oer berikt.
Cambuur hie al langer in each op de de 21-jierrige linkspoat. Doe slagge dat net om't se it finansjeel net klearkrije koene. Cambuurdirekteur Gerald van der Belt seit dat der fierder gjin fersterkings komme. De seleksje is no folslein.