Gondelfeart giet wol troch

31 aug 2012 - 13:49

De Gondelfeart yn Aldeboarn giet freedtejûn troch. De organisaasje fan it barren wurdt in soad belle nei oanlieding fan it reinwetter dat de ôfrûne nacht fallen is. Se meitsje no bekend dat it wol trochgiet.

De parkearterreinen binne wol te wiet om brûkt te wurden. Dêrom moat fierderop parkeard wurde. De organisaasje hat fjouwer buskes hierd om parkearders nei it doarp te ferfieren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)