Gjin nije wethâlder derby

De gemeente Skarsterlân krijt der gjin wethâlder by as ferfanger fan Bé de Winter as it oan it CDA leit. De fraksje sil de gemeenteried advisearje om dieltiidwethâlder Janny Schouwerwou foltiidwethâlder wurde te litten. Sy wurket no trije dagen.
Wichtichste reden om foar dy opsje te kiezen is de fúzje fan Skarsterlân mei de gemeenten Gaasterlân-Sleat en Lemsterlân mei yngong fan 1 jannewaris 2014. Foar De Winter is it freed de lêste dei as wethâlder.