'Rotondes net gelyk meitsje'

Der binne belangriker maatregels te nimmen om de ferkearsfeilichheid te ferbetterjen as krusings en rotondes der itselde útsjen te litten. Dat fynt it Regionaal Orgaan Ferkearsfeiligens Fryslân (ROF). Ferkearsminister Schulz wol dat rotondes en krusings yn Nederlân oanpakt wurde om it tal ûngelokken te ferminderjen. Op de iene rotonde hawwe fytsers foarrang en op de oare wer net.
Neffens it ferkearsorgaan falt it wol wat ta. Der kinne better oare, goedkeapere maatregels nommen wurde tsjin ûngelokken lykas it fuortheljen fan pealtsjes.