Ynbrekker pakt yn Ljouwert

31 aug 2012 - 11:21
  • Ynbraak

De plysje hat fannacht yn Ljouwert in 18-jierrige ynwenner fan 'e sted oppakt fanwege in ynbraak. In tsjûge hearde yn de Veulenstrjitte in rút sneuveljen en seach twa manlju útnaaien. Hy warskôge dêrop de plysje. Dy koe mei help fan 'e beskriuwing fan 'e tsjûge ien fan de twa oanhâlde.

De iene fertochte is foar fierder ûndersyk meinaam nei it buro. De oare ynbrekker waard net fûn.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)