1394 enkêtes yn Wytmarsum útdield oer asylsikerssintrum

07 mrt 2016 - 21:01

Ynwenners fan Wytmarsum kinne in enkête fan doarpsbelang ynfolje oer de komst fan in asylsikerssintrum. Doel is dat dat yn it eardere kleaster komt, mar yn de enkête komt ek rekreaasjepark It Fliet as opsje. Boargemaster Apotheker fan Súdwest-Fryslân hat sein dat de miening fan de ynwenners swier telt by it beslút. Dy miening moat 28 maart bekend wêze.

In groep fan sa'n tweintich frijwilligers bringt de enkêtes persoanlik del by 1394 minsken dy't hjir in stim oer útbringe meie. Dêr binne se woansdeitejûn mei begûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)