Van Basten teloarsteld yn klup

30 aug 2012 - 22:10

Trainer Marco van Basten is bot teloarsteld yn de kluplieding fan Sportklup Hearrenfean. Van Basten lei nei de wedstriid tsjin Molde út dat him tasein is dat der mear ynvestearre wurde soe. "Van de 17 miljoen die ze verkocht hebben, zou de helft weer geïnvesteerd worden. Dat is niet gebeurd en daar ben ik teleurgesteld over."Van Basten giet wol gewoan troch by SC Hearrenfean.

De direksje fan SC Hearrenfean is it net iens mei de fûle krityk fan Van Basten, sa waard freedtemiddei bekend makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)