It Fean te licht foar Europa

Sportklup Hearrenfean hat opnij ferlern fan it Noarske Molde FK. Yn eigen stadion waard it tongersdei 2-1 foar de Noaren. Nei it 2-0 ferlies in wike lyn yn Noarwegen, is it Europeeske seizoen fan de Fryske ploech alwer foarby. Hearrenfean krige yn de earste helte twa grutte kânsen, mar Djuricic en Zomer skoarden net. Nei it skoft sette Berget út in rappe omskeakeling Molde op foarsprong. Keeper Nordfeldt, hy wie goed op dreef, makke by de 2-0 foar Molde fan Diouf in flinke flater. Yn de ekstra tiid rêde Valpoort de Feanster eare.
SC Hearrenfean wie oanfallend ûnmachtich en de ploech liet ferdedigjend tefolle stekken falle.