Pappa no al nei Hearrenfean

De Guatamalaanske middenfjilder Marco Pappa komt dochs al per direkt oer nei Sportklup Hearrenfean. Pappa hie al in kontrakt tekene, mar soe earst pas yn de winterstop komme. Syn hjoeddeiske klup Chicago Fire woe him net gean litte sa lang't it seizoen yn Amearika noch rûn.
Sportklup Hearrenfean meldt no dat de klups der dochs noch útkaam binne. De 24-jierige Pappa spile ek al 28 ynterlâns foar Guatamala.