Bibleteken bine jonge leden

Fryske bibleteken slagje der goed yn jonge leden te binen. Se ha it wat dreger mei it fêsthâlden fan de beteljende âlderen. Dat docht ûnder oare bliken út sifers fan it sintraal buro foar de statitstyk. It tal leden bliuwt oer it gehiel sjoen lyk. Wol binne der minder plakken dêr't je boeken liene kinne. Sa is op guon plakken de bibliobus ôfskaft of binne fêstigings sletten.
Anne Tiemersma fan Bibleteken Midden-Fryslân seit dat de takomst dan ek leit binnen it ûnderwiis. Tiemersma sjocht al in bedriging: de e-boeken.