Jan van Erve direkteur Emmen
Jan van Erve, de eardere direkteur kommersjele saken fan Sportklup Hearrenfean, wurdt direkteur fan fuotbalklup Emmen. Van Erve naam op 1 july ôfskied fan Hearrenfean, nei't er der 12,5 jier wurke hie. Neffens it parseberjocht fan de klup wie er ta oan in nije útdaging. Syn beneaming by Emmen is tongersdei bekendmakke.