Kadoboksen foar earme bern

Stichting Jarige Job dielt fan tongersdei ôf ek yn Fryslân jierdeisboksen út. De boksen binne bedoeld foar gesinnen dy't ôfhinklik binne fan de Voedselbank. Yn de wike foardat in bern jierdei is krije sy in doaze fuld mei in kado, taart, fersierings en lekkers foar thús en as traktaasje op skoalle.
Stichting Jarige Job docht dit om foar te kommen dat gesinnen yn in sosjaal isolemint reitsje. Soms melde bern har siik op har jierdei om't se net traktearje kinne.
De earste boks is symboalysk oerlange oan boargemaster Polderman fan de gemeente Smellingerlân.