Skipswrak Skylge ferdwûn

30 aug 2012 - 12:48

It histoarysk wrak dat koartlyn op Skylge fûn is, is fuort. Nei alle gedachten is it jutten. De kostbere lading fan fersegele koper en kralen wie earder al nei museum it Behouden Huys brocht. It wrak bleau yn de brâning op de Boschplaat lizzen. Dochs kin it wrak ek in soad fertelle oer de histoarje, seit maritym archeolooch Martijn Manders fan de ryksttsjinst foar skipsarcheology. Hy ropt de jutters dan ek op har te melden, sadat it wrak ûndersocht wurde kin.

Saakkundige Wil Werkhoven fan Makkum hat ûndersyk dien nei de kralen út it wrak.

It giet om kralen út 1784 dy't makke binne yn Venetië. Sy tinkt dat de kralen mooglik brûkt binne om Arabyske gom te keapjen, yn dy tiid in djoer produkt dat brûkt waard yn inket.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)