Guozzegebieten bliuwe bestean

30 aug 2012 - 11:41

De foerazjeargebieten foar guozzen bliuwe bestean. Dat is de útkomst fan in petear tusken de lânbou-organisaasjes en alle provinsjes. Dy woene derôf om't it tefolle jild kostet. De boeren hiene dêrom al in alternatyf plan betocht. Dat komt derop del dat allinnich boeren kompensearre wurde dy't echt lêst hawwe fan de guozzen.

No krigen boeren dy't gjin lêst hiene fan de fûgels ek jild. Neffens lânbou-organisaasje Boer en Natuur kin troch de nije regeling in soad jild besparre wurde en krije allinnich de boeren dy't echt skea ha, útbetelle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)