Fernielers fan auto's oppakt

30 aug 2012 - 10:14

De plysje hat yn Ljouwert fjouwer ynwenners fan dy stêd oanhâlden fanwege it fernielen fan auto's. De fjouwer waarden troch in tsjûge sjoen yn de Sontdwarsstrjitte doe't se de ruten fan in auto fernielden en der ek dûken yn trapen. Fan in tal oare auto's waarden de spegels ôftrape.

Omdat de tsjûge in goed sinjalemint hie, koe de plysje de fjouwer letter oanhâlde. It giet om manlju tusken de 19 en 24. Se binne foar fierder ûndersyk fêstset op it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)