Ferlies Snits Wyt Swart by WKE

Logo VV Snits Wyt Swart © Omrop Fryslân
Snits Wyt Swart Boso Snits hat de tredde wedstriid yn de sneinstopklasse mei 3-1 ferlern fan WKE. Yn Emmen wiene de Snitsers fan trainer Johan Groote yn de earste helte de bettere ploech. Twa kear stie de peal en ien de kear de latte in doelpunt yn 'e wei. Yn de twadde helte sette de thúsploech oan, mei doelpunten yn de 65e en 67e minút fan Erwin Buurmeijer en Angelo Zimmerman. Erik Eleveld foar WKE en Cees Smaal foar Snits soargen foar de 3-1 einstân. WKE en Lienden binne koprinner mei 9 út 3, Snits Wyt Swart hat 3 punten.
Snein komt HSC '21 nei Snits. De ploech út Haaksbergen ferlear woansdeitejûn op it eigen fjild mei 2-0 fan FC Chabab út Amsterdam