Ynjebetinking Rengerspark

29 aug 2012 - 21:34

Foar de 20ste kear binne woansdei de soldaten betocht dy't omkommen binne yn Ynje yn de perioade 1940-1962. Dat wie by it Monumint yn it Rengerspark yn Ljouwert.

Op de trije platen stean de nammen fan 168 Fryske soldaten, dy't foar it grutste part noch yn Yndonezië begroeven binne. Der waarden krânsen lein en der wie in earewacht fan soldaten út Havelte. De betinking waard ôfsletten mei in defilee lâns it monumint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)