Zomer fit genôch foar Molde

29 aug 2012 - 19:45
  • Molde FK

Hearrenfeanspiler Ramon Zomer kin tongersdei yn de wedstriid tsjin Molde FK wer meidwaan. De sintrale ferdediger rekke ferline wike yn Noarwegen blessearre en miste dêrtroch snein de wedstriid tsjin AZ. No is hy der lykwols wer by. Raitala en Amoah binne nei alle gedachten noch net fit genôch foar it duel yn de Europa League.

Mooglike opstelling: Nordfeldt, Zuiverloon, Zomer, Gouweleeuw, El Akchaoui, De Roon, Van Anholt, Kums, Van La Parra, Djuricic en Tannane.

De wedstriid is tongersdeitejûn live te folgjen op de radio mei ferslach fan Koos Wieling en Roelof de Vries.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)