NAM wol mear gas by Blije

29 aug 2012 - 16:30

De NAM wol 1 miljard kúb ekstra gas út de grûn ûnder Blije helje. Dat kin mei de kontroversjele fracking-metoade, wêrby't wetter mei gemikaliën de grûn ynpompt wurdt. Wetterbedriuw Vitens makket him soargen. Yn septimber past de NAM ek fracking ta by de boarlokaasje fan Kollumerpomp.

Yn de jierren '90 hat de NAM de fracking-metoade op beide plakken ek al brûkt. De NAM tinkt yn Blije 1 miljard kúb ekstra gas boppe helje te kinnen. Genôch foar twa jier gas foar hiel Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)