Gearwurking trije gemeenten

29 aug 2012 - 15:41
  • Gemeente Opsterlân

De gemeenten Opsterlân en East- en Weststellingwerf wolle op fjouwer punten mear gearwurkje. Op dy wize kinne de gemeenten neffens eigen sizzen selsstannich bliuwe. Sa wurde dielen fan de organisaasjes gearfoege, lykas de administraasje-ôfdielingen. De gemeenten sille ek mear gearwurkje op nije beliedsmêden en lûke meielkoar op sa't no ek al yn de streekaginda bart.

As lêste wurde de bestjoers- en organisaasjekultueren mear op elkoar ôfstimd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)