Harnzer fiskerijdagen iepene

Harns sil mear syn bêst dwaan moatte om bedriuwen yn de haven te krijen. Dat seit tydlik boargemaster Roel Sluyter by de iepening fan de 33e fiskerijdagen. De helte fan de grûn is ferkocht en dat is te min. Op dit stuit ûndersiket de gemeente oft in sloopwerf him festigje kin yn Harns. Neffens Sluyter binne der ek oare kandidaten dy't it stik grûn oan it wetter ha wolle.
By de iepenning treden TVOH- sjongers Anne Hoogendoorn en Paul Turner op. Der wurde 70 oant 100 tûzen besikers ferwachte de kommende dagen.
De organisaasje fan de fiskerijdagen siket in steltsje dat op de fiskerijdagen fan takom jier trouwe wol. Alles wurdt betelle troch sponsors. Fereale pearkes moatte al wat mei Harns hawwe. De organisaasje die de oprop by de iepening.